google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc 20 jier nei 2005 - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 9

full
Published on:

8th Jan 2025

20 jier nei 2005

It is 2025, 20 jier nei 2005. De tiid dat minsken noch gjin telefoan yn 'e bûse hiene – útsein Gabrielle, dy't der al ien hie. Arjan net, en hy hat der no noch gjinien. Wy lêze poëzy foar út 2005 fan Pier Boorsma, doe't er noch jong wie.

Gabrielle wie yn it Brouwdok foar in optreden fan Hannah Hoogsteen en Minne Pryster. Arjan fertelde hoe’t er by LIET in priis wûn hat, wylst Gabrielle fertelt oer Snowy, dy't se ynsliepe litten hat.

Wiuwert en mummies. Wat is dêr eins no noch mear te dwaan? Wy sprutsen oer Purrito, dy't mei Ald & Nij ûnder de bank krûpt, en oer Cambuur: fjoerwurk, it nije stadion, en de rellen fan decoronatiid.

Gabrielle fertelde hoe’t har roman einlings foarm krijt, wylst Arjan yn de bus yn 'e stoarm siet nei Morra.

Wy seachen films: Nosferatu, Flow en Wicked. Arjan skreau in gedicht foar Snowy en joech in tip oer hoe'tst fergees mei de bus giest. Wy hiene it oer goeie foarnimmens en moderne boeken.

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com