Gleone koppen
Wy wurde in bytsje depressyf fan alle aaklike reaksjes op Facebook ûnder nijsberjochten, wêrom is elkenien sa lilk? Bygelyks oer in plestik clitoris, men liket wol hieltyd preutser en konservativer te wurden en dat stimt ús swiermoedich. Sels yn it echt ûntkomst net oan skombekkende gleone koppen.
Der is in Estlânske dichteres op besite yn Ljouwert, Arjan liet har de stêd sjen en rûn dêrby ien út de famylje Terpstra tsjin it liif.
Sigrid Kingma hat in nijsberjocht foar ús. Wat sil Arjan dwaan no 't er einlik gjin Walddichter mear is?
We draaie in stikje muzyk fan de Minne Pryster en Anton Feddema ferteld oer it optreden fan Minne Pryster kommende sneon.
Mei poezy fan: Albert Schaafsma, Emily Dickinson en Alwin van der Toorn