google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Romantysk-Apokalyptyske Sportcast - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 24

full
Published on:

14th May 2026

Romantysk-Apokalyptyske Sportcast

In soad sport en muzyk dizze ôflevering, al begûn it goed mei in gedicht fan Pieter Zijlstra út de nijste Ensafh.

Dêrnei gong it rap oer ús sportprestaasjes, sa fytste Gabrielle de Alvemarretocht en rûn Arjan Loop Ljouwert.

Ek âlde media komme foarby, Gabrielle kocht in soad nije cd's út har eigen tiid en Arjan praat oer syn discman, hokker cd's hy harket en wat foar muzyk hy seach op 5 maaie.

Gabrielle en Arjan stelle harsels de fraach wêr't se mentaal no eins binne en prate ek noch ffkes oer harren kommende boektours en eksposysjes.

It wurdt in bytsje meta as de koptelefoan fan Arjan útfalt en der is ek noch proaza fan Hiroko Oyamada en muzyk fan De Kraaien.

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com