google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Unbegryplik - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 6

full
Published on:

23rd Feb 2023

Unbegryplik

Fan in soad dingen begripe wy net folle, lykas fan it ferrin fan de tiid en hoe 't minsken ûnthâlde wat se dogge yn in wike.

Sels binne we nochal ris de tiid kwyt, mar pakke him graach op. We sjogge werom op Arjan syn tiid by de krante, hoe wie it om minsken te yntervieuwen en hoe is it om sels yntervieaud te wurden?

We prate oer mentale sûnens en teäter mei Carolien fan teäterkollektyf 'T Verkil en stean ek stil by ús eigen mentale sûnens.

Willem Waldpyk wûn ea de Fryske Poppriis, Philips makke al elektroanyske muzyk yn de jierren 20 en sa kinne we noch wol efkes trochgean mei feiten dy 't we yn dizze podcast stadichoan ûntdutsen.

Wy sjogge út nei Poezy yn Marktzicht, filosofy yn Tresoar en de Metal Battle yn Mukkes en hawwe in ynterview mei de jonges fan Drôvich en beprate de nijste film út Slieker, Aftersun

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com