google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Fean, Hoop & Mankelikens - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 13

full
Published on:

8th Jun 2024

Fean, Hoop & Mankelikens

Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjan's eilândream komt út.

Yn dizze ôflevering steane wy stil by hoefolle der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema en by syn libben, mar ek by de ferskate optredens dy't wy hân hawwe.

Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy't út Jorwert ferdwûn.

Arjan fertelt oer it ferbliuw fan writer-in-residence Rasha Khayat út Dútslân yn Ljouwert en Gabrielle oer de schrijfclub. Wy lêze noch in koart ferhaal fan Nicole van den Berg en beprate har wurk, dêr't wy fan binne.

Ek steane we stil by de nijste hits fan Fryske artysten, der is wer hiel wat sicks útkaam! En alles watst witte wolst oer it bestellen fan oesterswammen mei koarting!

Fierder: Mankelykens, Slachrjemme mei pyk, Poadium Explore, Goeie.frl, kanoën wylst Bûtenpost oerstreamt, Rink van der Velde priis en Typmasines

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com