google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Orgies en Slachtpartijen - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 4

full
Published on:

6th Nov 2024

Orgies en Slachtpartijen

Yn de nijste ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard" skoot Marleen Nagtegaal oan, kreatyf direkteur fan Explore the North. Se nimt ús mei yn de wrâld fan de ferwûnderkeamer, in bysûnder projekt dêr’t jonge, talintearre dichters harren litten ynspirearje troch de bondel Reade Runen fan Ella Wassenaar. Dit projekt is te sjen op Explore en yn Brussel, by De Buren.

Wy fantasearje oer hokker spektakel ûntstean kin by literêre moetingen. Sil it in poëtyske orgy wurde, of sil der rûzje ûntstean? Arjan hâldt syn hert fêst! Ek de fraach oft Gabrielle noch lang libje sil komt op tafel. Nei in dûnske op it Boekebal mei Sigrid Kingma liket se har libben te riskearjen, en wy freegje ús ôf: wa sil postúm har wurk beoardielje?

Lykas altyd bliuwe Gabrielle en Arjan net bysûnder tûk mei jild. Tusken alles troch lêze wy foar út de Bildtske roman fan Gerard Marcel de Jong en it nijste boek fan Tjeerd Schuhmacher.

Ek steane wy stil by dregere tema’s: moatte je in stânpunt ynnimme oer ûnderwerpen lykas oarloch en rasismme, en wat as't dat net wolst?

De Skaafsessjes komme foarby, mei hardcore, koaren en poëzy. Gabrielle hat noch noait fan it Keningsliet heard, en Arjan fertelt oer de Abel Oostra-jûn yn it skriuwerskafee.. Wy prate ek oer hânwurk as ynspiraasjeboarne – sa as in boek oer in finger yn dyn anus!

Dêrneist besprekke wy it nije album fan The Cure en Arjan syn ûnderfining by Poëzy yn de Bres, dêr’t hy bot ûnder de yndruk wie fan Aggie Meijer en Bianca Boer.

& Wy wolle dat Lil Pier nei it sjongfestival giet, no't Joost Klein net giet.


Benijd nei al dizze ferhalen en mear? Harkje nei de folsleine ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard"!

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com