google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Gabrielle en Elmar - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 5

full
Published on:

21st Nov 2024

Gabrielle en Elmar

Yn dizze ôflevering fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard nimt Elmar Kuiper plak oan de mikrofoan, want Arjan is siik.

Elmar fertelt oer syn jeugd by de fleanbasis – in tiid fol spanning yn in paradys, dêr’t syn nije bondel ferlosboartsje ek oer giet. Ticht by dysels bliuwe as dichter, hoe dochst dat? Wy prate oer hoe’t sosjale media de wrâld hiel swart-wyt makket mar hoe’t poëzy minsken dochs djipper sjen litte kin.

In oar tema wie de fraach: “Wat is realiteit?” Gabrielle lêst oer dissosjaasje yn romans, en Elmar fertelt oer psychotysk skriuwen.

Wy steane stil by Elmar syn kluzenaarlibben: in stabyl, rêstich bestean dat him goed foldocht. Hy fertelt oer autisme en hoe’t er mei syn yllustraasjes syn bondels in eigen stimpel jout.

Oare hichtepunten fan de ôflevering:

  • Gabrielle en Elmar steane op 29 novimber tegearre op it poadium by BoekFloedBoek.
  • De ferhalen oer Willy Darktrousers syn húskonsert foar in pony, katten en hûnen.
  • Spûken yn Grut Lankum! Elmar fertelt ús alles oer de geasten dy’t dêr noch altyd omspûkje.
  • Gabrielle en Elmar harren filmûnderfiningen: aktearjen én regissearjen!

Harkje no de folsleine ôflevering fan Gabrielle en Elmar bedoele it net ferkeard!

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com