google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Paddo's & échte Poëzij - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 6

full
Published on:

5th Dec 2024

Paddo's & échte Poëzij

Arjan is wer hielendal better, en dat fiere wy mei in nije ôflevering.

Gabrielle kocht by Explore The North Waar Iemand Woont, de debútbondel fan Richard Nobbe. Se lêst in gedicht foar en besprekt mei Arjan de opfallende en keunstsinnige kanten fan ’e bondel.

Gabrielle kocht Paddenstoelen yn Nije Lije en leit oan Arjan út wat Nije Lije eins is. Sels paddenstoelen sykje fynt se wat te spannend, dus lit se dat leaver oan de kenners oer.

Wy dûke fierder de poëzij yn mei de Zinnenfabriek, de gesellige gedichtewinkel fan Marrit Jellema. Sawol Gabrielle as Arjan hawwe hjir gedichten skreaun. Arjan hat sels ien kocht, en lêst dy foar.

Sinterklaasgedichten meitsje? Arjan fertelt hoe’t er bern in hantsje holp – soms ûnder lichte twang – om it net rimen ûnder de knibbel te krijen.

Gelokkich is der aanst it Poezijlab, dêr’t sawol domme bern as domme dichters leare kinne hoe’t it écht moat.

Arjan fertelt oer syn ûnderfining by de Literêre Dis. Mei syn magyske sfear like it wol in gearkomste fan Harry Potter. Gabrielle sjocht werom op har optreden by BoekFloedBoek, dêr’t se mei har ferhaal in lugubere yndruk makke. Se lêst in stikje foar en laket noch nei om Meindert Talma syn hilaryske ferhaal oer pisjen.

Gabrielle wie ek te gast by de Slûsfabryk yn Drachten, dêr’t in live-programma foar Radio 1 opnaam waard.

Ta beslút prate wy oer de Fryske Top 100. Gabrielle wol net dat De Kast wint en stimt op metal –Arjan wit it noch net, mar oerwaget in stim op Skarl.

Mei proaza en poëzij fan Marleen Nagtegaal, Arjan Hut, Richard Nobbe, Gabrielle Terpstra en Anne Feddema is dizze ôflevering wer fol ynspiraasje en humor. Harkje no!

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com