google-site-verification=AnysJwzUzl7AGm18H9KwMzVPe4zmKmsvLt9YBZzR9Dc Slakken & Soa's - Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Episode 15

full
Published on:

20th Jul 2024

Slakken & Soa's

Wolkom by ús nije podcastôflevering!

Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel.

Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys?

Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsje mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún.

Ha jim it album ' Kuo en Poelier ' al heard? Dy is nammentlik út!

Dêrneist binne we op syk nei Wietze Numan. Wa is hy en wêrom wolle wy him fine?

Arjan fertelt it yntrigearjende ferhaal efter syn kies.

Wy nimme jimme ek mei nei it SOA Festival en beprate de fassinearjende wrâld fan neakenslakken.

Wat is de lêste juice oer de Drachtster dichters?

We beprate de film 'Human Centipede' en it bizarre ferhaal oer Dries Roelvink dy't ûntfierd waard foar syn sperma? We ha de details.

Arjan seach ek de film 'Hors Saison' en Gabrielle in âlde klassiker út de jierren 80

Arjan dielt in ferhaal oer Abel Oostra. Wa is hy en wat moatte we oer him witte?

Betanke foar it harkjen en oan de oare kears!

Show artwork for Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

About the Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
In leechdrompelige podcast fan Fryske dichters en harren belibbing fan de kultuer yn Fryslân. Wat is der takom wike te dwaan, hokker boeken moatst lêze en hokker films kinst net misse? Plus, hoe dogge dichters dat eins, libben?
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

About your host

Profile picture for Gabrielle terpstra

Gabrielle terpstra

contact: gabrielle_1990@hotmail.com